Brûzjende muzikale algemy
Dé take op tsjoenderij anno 2026 komt fan YATTA. Sy smite storytelling, eksperimintele elektroanyske komposysjes en yndrukwekkende sang yn in grutte tsjettel. Riere der in oerrompeljende stage presence trochhinne mei in skoat engazjearre poëzy en ferrassende loops. De Sierra Leoansk-Amerikaanske YATTA biedt ús hjirmei in ûnbehindere kyk yn ’e keuken fan ’e muzikale algemy. Harren krêftige lûd en meterslange rûndraaiende hier meitsje de beswarring kompleet. On the spot ymprovisaasje fan grutte muzikaliteit giet hân yn hân mei stampende teksten oer Swart wêze, trâns en Afrikaansk yn ’e diaspora. It geheim fan dizze multydissiplinêre keunstner leit earne tusken de klanken fan psygoaze en gebed. YATTA is in poerechte rebel mei in liif fol emoasje en in noas foar ûnderdrukkende systemen op ’e siik nei in thús. Lit dy live (en dyn liif) betoverje troch dizze ekspressive twirre!