XTC in the XIV

Festivalwykein
Explore the North Festival
Kaartsjes

Ultime koartrip foar swalkers en devoaten 

XTC in the XIV traktearret op in dûbele shot Hillige Geast foar de hiele seal. Yn de wrâld fan no liket bytiden neat mear hillich. En dochst klinkt it sa. De hannen omheech nei de himel op de klanken fan mytyske hymnen en net-konvinsjonele loops. XTC in the XIV transportearret sakrale fersen út de fjirtjinde iuw nei in nije harkûnderfining. Beweech mei tusken de wrâld fan iuwenâlde tsjerkelieten en hjoeddeistige komposysjes. Subtile soundscapes yn kombinaasje mei in nije ynterpretaasje fan fokale polyfony biede in net earder kende koarsensaasje.

It Sweedske kollektyf bestiet út fiif izersterke fokalisten: Em Silén, Anna Flensburg, Maja Kamne, Elin Oskarsson en Hanna Andersson, mei elektroanikamuzikant Walter Berge. Dompelje dysels ûnder yn in meditative steat dy’t dy oplossen docht yn tiid en romte. In alternative tsjinst foar net-leauwigen, twivelers en dy mei in rotsfêst fertrouwen yn in hegere macht. De psychedelyske tiidmasine fan XTC in the XIV belooft in ultime koartrip.