No’t de rein wer mei bakken út ’e loft komt, kinne wy einlings wer opskeppe oer hoe waarm en drûch it is by Podium Explore. Kom skûljen yn ús kafee tidens Wurden op Woansdei!
It kafee hat de perfekte sfear om te genietsjen fan de aldermoaiste sinnen: der binne kearsen, dichters, in bar mei sapkes, bier en tee, der is muzyk en elkenien is freonlik. Wy slúte wer ôf mei in iepen mic, dus nim foaral dyn eigen farske teksten mei!
Eltse earste woansdei fan ’e moanne is ús kafee, de húskeamer fan elkenien dy’t himsels dichter neamt of neame wol (en al harren freonen).
Kom de moaiste gedichten, foardrachten, ferskes en ferhalen belústerjen fan ús gastartysten. En dêrnei is it poadium wer foar elkenien iepen tidens de open mic, dus hast ek in gedicht dat heard wurde moat, dan is dit dyn kâns!
Doar: 19:30 uur
Start: 20:00 uur
Ein: 21:30 uur
Entree: gratis