Earne komt ien oerein.
Bekijkt himsels en beslút dat tongersdei har favorite dei is.
Omdat de freed op de tongersdei folget.
Of omdat se dit kear net dreamd hat.
Yn MICKY sykje de fiif talinten fan WOLK de grins op tusken literatuer, teäter en ymprovisaasje. Losse teksten fan de skriuwers foarmje it fertrekpunt foar in mienskiplike syktocht nei in nij ferhaal. Wat bart der as je al dizze teksten op ien grutte hoop smite, los fan it papier lûke en der in kollektive ûnderfining fan meitsje?
MICKY is in foarstelling dy’t him net fêstlizze lit, mar ûntstiet op dit stuit.
De einregy is yn hannen fan Judith de Joode, ûnder mear bekend fan it Flaamsk-Nederlânske teäterkollektyf BOG.
Oer WOLK
WOLK is de Talenthub Letteren fan Noard-Brabân en begeliedt talintfolle skriuwers by de ûntwikkeling fan harren profesjonele praktyk.