Sykje en fyn it ljocht by in dichter!

De ingels fan de letteren: se binne der, mar net folle minsken witte se te finen. Do wol? Yn in selekt selskip makkest in tocht troch de krochten fan in enoarme tsjerke, op syk nei de hillige ôffurdigen fan de poëzy. Fluisterend roppe se dy, har herten opljochtsjend fan langst, har eagen flakkerjend: kom tichterby, kom tichterby. Doch dat. Kom gau tichterby, want it duorret mar hiel even. Slûp fan dichter nei dichter. Harren boadskippen binne wichtich, net foar elkenien har earen, en ferfleane gau. Tink dus goed om. Harkje goed. Slaan op yn it hert (nee, meist gjin filmkes meitsje).

Dit is in unike kâns op ferljochting. Wat dochsto dermei?

Wa’t der krekt mei dogge, ferklappe wy dy de kommende tiid noch!