Yndiaask snaarynstrumint as petearpartner foar de stimmen yn dyn holle
Wat ast stimmen hearst? En wat as dy stimmen hieltyd lûder wurde en it liket as oft se dy ek hearre kinne? Yn syn boek De Magiër beskriuwt Vincent Swierstra hoe’t er bytsje by bytsje hieltyd fierder ôfglied yn in psygoaze.
Troch syn ynteresse yn spiritualiteit en esoteryske streamingen rekke er der úteinlik fan oertsjûge dat er de nije Messias wie. In reis nei Yndia brocht him yn oanrekking mei de sarangi: in unyk snaarynstrumint dat útsûnderlik dreech te bespyljen is en kwa klank ticht by de minsklike stim komt. Sa ûntstie stadichoan in dialooch tusken it ynstrumint en de stimmen yn syn holle.
Yn Explore the North nimt Vincent dy mei yn in (klank)wrâld dêr’t werklikheid, ferbylding, kwetsberheid en betsjutting hieltyd mei-inoar yn petear binne. Mei ferhalen, meditative muzyk en syn iepenheid nûget er dy út om net allinnich nei de symptomen fan in psygoaze te sjen, mar ek nei de betsjutting dy’t immen oan sokke ûnderfiningen jout.
Oer Vincent
Vincent Swierstra is de iennige sarangi spiler fan de wrâld dy’t op in fersterke sarangi spilet. Dat hat him de kâns jûn om te eksperimintearjen mei effektpedalen, om sa in nij en unyk lûd te kreëarjen. Hy kombinearret it rauwe akoestyske lûd fan de sarangi graach mei elektroanyske muzyk. Hy ûntduts de sarangi op syn earste reis nei Yndia yn 2003 en waard fuortendaliks fereale op it ynstrumint. Hy kocht in moai, âld eksimplaar en begûn mei lessen. Troch de tsien jier fioellessen dy’t er as bern hân hie, pikte er de technyk frij fluch op. Fan alle ynstruminten op ‘e wrâld benaderet de sarangi it meast it lûd fan de minsklike stim. Njonken muzikant is Vincent ek skriuwer. Yn 2017 ferskynde syn debútroman De Magiër, Memoires van een Dwaas by útjouwerij Paris Books. Op dit stuit wurdt der wurke oan in Ingelske oersetting. Tagelyk mei de film waard der yn 2017 ek in dokumintêre oer Vincent útbrocht, Voices of Vincent. De film is te sjen op Vimeo.