Studio Stadshart: Folkscafé

Fermentaasje & ferhalen

Altiten al witte wollen hoe’st in sûrdeegstarter makkest, of wat kombucha eins is?
Kom nei de foodworkshops fan it Folkskafé!
Dizze edysje steane de kultuer en de kulinêre tradysjes fan Oekraïne sintraal.
Wylst de potten pruttelje is der romte genôch foar petearen oer iten, grûn, nôt, fitaliteit – en alles wat fierder op tafel komt.

It Folkskafé is ûnderdiel fan it Grutte Folksfeest. Nei de workshops begjint Folkskeuken: Oekraïne, dêr’t host Sophia Kostiuchyk en kok Viktoriia Tkach ûnder it jûnsmiel mear diele oer de kultuer, keuken, muzyk en poëzy fan Oekraïne. 

Oer it Stadshart
Fan 5 o/m 23 novimber ferpleatse wy de Stadskas nei Podium Explore – thúsbasis fan Explore the North – ûnder de namme it Stadshert. Trije wykeinen lang organisearje wy in swiete ynfal foar ynwenners, (festival)besikers en elkenien dy’t ferlet hat fan in porsje hoop yn betiizjende tiden.

*It hiele Stadshert-programma is fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.

Is der dan ek wat te iten?

Jawis. Pop-up-restaurant De Voedselbar servearret lunch, jûnsmiel en all-day snacks. It Stadshert is dus ek gewoan dyn favorite kafee, mar dan sa’nien dêr’t altyd wol wat tofs te dwaan of te sjen is. En wêr’st maklik yn kontakt komst mei allerhanne kreative sênes, buertbewenners, freonen en community’s út de regio. Eltse dei iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!