Studio Stadshart: Cypher

Stedshert FERGEES

(De kringferjaardag dêr’st wól by wêze wolst)

Tusken 13.00 en 17.00 oere feroaret it Stadshert yn in cypher. Foar wa’t it net ken: it is in kring, mar dan ien dêr’t MC’s, beatmakers en wurdkunstners har frij útlitte yn freestyle.

Om-en-om spitte dielnimmers harren bêste 16 bars (sêstjin maten tekst – in koarte, skerpe rapverse) yn ’e mic, of se freestyle wat der mar yn harren holle opkomt.
Bring dyn freonen, dyn fetste beats of gewoan goeie vibes mei!
Ynstean is supertof, mar harkje mei is ek prachtich – en fansels: hyp de oaren op, want der ûntstiet in ûnbidich moaie enerzjy!

De sessy wurdt livestreamd troch Suf & Duf.

Oer it Stedshert
Fan 5 o/m 23 novimber feroaret Podium Explore yn it Stadshert. Elts middeis organisearret in oare lokale scene of community in DIY-sesje ûnder de namme Studio Stadshert. De iene dei kinst as besiker gitaarpedalen solderje, de oare dei learst hoe’st dyn eigen sûrdeegstarter makkest. En dan jûns lekker bykomme mei bandtsjes, lêzings en foarstellings!* It hiele Stadshert-programma is fergees tagonklik, útsein Dood Paard – 3 x from Moscow + 🖤.



Is der dan ek wat te iten?

Jawis. Pop-up-restaurant De Voedselbar servearret lunch, jûnsmiel en all-day snacks. It Stadshert is dus ek gewoan dyn favorite kafee, mar dan sa’nien dêr’t altyd wol wat tofs te dwaan of te sjen is. En wêr’st maklik yn kontakt komst mei allerhanne kreative sênes, buertbewenners, freonen en community’s út de regio. Eltse dei iepen fan 12.00 oant 00.00 oere!