Spirited Away: diner + movie

Podium Explore Kaartjes €25,- (incl. diner)

Op freed 19 juny wolkomje wy dy foar in jûn dy’t swevet tusken dream en werklikheid, krekt as de film sels. Wy fertoane Spirited Away fan Studio Ghibli, ien fan ‘e meast geliefde animaasjefilms ter wrâld. Wylst Chihiro har wei siket troch in wrâld fol geasten en gedaantewisselaars, skofst do oan foar in diner fan vegetaryske sushi.

Japansk sprutsen, Ingelske ûndertitels. Kaartsjes kostje €25,- ynklusyf diner.

Studio Ghibli: diner + movie
Freed 19 juny
19.00 – 21.15 oere (doarren iepenje om 18.30 oere)
Podium Explore