Skimer - [UN]SICHTBER

Podium Explore
Kaartsjes


[UN]SICHTBER is in spannende en komyske teaterfoarstelling oer iensumens yn in maatskippij dy’t hieltyd ûnferskilliger liket te wurden. Yn in ritmyske en byldzjende tekst fol humor en donkere ûndertoanen ûntteart him in ferhaal oer sjoen wurde wollen – en oer wat der barre kin as immen jierrenlang oer de holle sjoen wurdt. De foarstelling wurdt stipe troch livemuzyk fan Velocity Made Good.


It ferhaal
Douwe Lap libbet in net opmurken en iensum bestean. Nei in rige tragyske foarfallen – wêrûnder it ferlies fan syn baan – beseft er hoe ûnsichtber oft er wurden is. Hy beslút om fan de ûnsichtberens syn krêft te meitsjen en begjint keunst te stellen troch simpelwei musea binnen te rinnen en mei te nimmen wat er wol. Syn bút bewarret er yn in ferlitten loads.

Wannear’t er de oan leger wâl rekke keunsthanneler Oane moetet, ûntstiet in ûnferwachte freonskip. Tegearre reizgje se troch Europa om keunst te ‘sammeljen’. Mar wylst Douwe foar it earst in freon hat en Oane in kâns sjocht om syn ferlerne status te werstellen, feroaret harren bân yn in gefaarlik spul fan ôfhinklikheid en manipulaasje.

Dizze foarstelling is fan 9 oant en mei 12 desimber te sjen yn Podium Explore en start alle dagen om 20:30 oere. Dit programma wurdt organisearre troch Skimer, by fragen kinst kontakt opnimme mei @skimerproducties.nl.

Skimer
Skimer is in artistyk inisjatyf út it noarden dat laat wurdt troch Lourens van den Akker en Eelco Venema. Ut it Fryske lânskip wei meitsje hja enerzjike en byldzjende produksjes dy’t sterk ferbûn binne mei harren omjouwing. Skimer wurket multydissiplinêr en siket altyd nei ynnovative wizen en eksperimintele foarmen fan kreëarjen. Skimer spilet op passende lokaasjes dêr’t mienskip, foarm en ynhâld elkoar fine en fersterkje.

Credits
Concept en spel: Lourens van den Akker, Eelco Venema
Tekst: Eelco Venema
Muziek: Velocity Made Good
Decor: Bouke Groen