SHIFT: Voetvolk & Lisbeth Gruwez - Tempest

SHIFT Podium Explore Kaartsjes fia De Harmonie

Yn Tempest lit Lisbeth Gruwez sjen hoe’t lilkens bewege, groeie en feroarje kin. Lilkens is yn dizze solo gjin losse emoasje, mar in krêft dy’t we allegear kenne. Soms is dy krêft heftich en ûntregeljend. Tagelyk kin lilkens ek wat yn gong sette en romte meitsje foar feroaring.

Foar dizze foarstelling put Gruwez út de presisy fan de fjochtkeunsten om lilkens en rûge enerzjy om te setten yn krêft. Har lichem beweecht skerp, krêftich en konsintrearre. Dêrnei folget wer rêst. Sa ûntstiet in spul tusken útbarsting en stilte, tusken spanning en helderheid. De dûns lit sjen hoe’t in stoarm net allinnich alles omferblaast, mar ek in stil middelpunt hat.

Tempest ferbyldet lilkens as in stream dêr’t wy allegearre yn libje. In laden fjild fan enerzjy dat minsken mei elkoar diele. Yn dy beweging siket Gruwez net allinnich de ûnrêst op, mar ek de mooglikheid om dy om te setten yn krêft. Wat earst rau en rûch is, krijt stadich in nije foarm.

Dizze solo nimst mei troch it each fan de stoarm. Dêr, midden yn de ûnrêst, ûntstiet romte foar rêst en ynsjoch. Tempest is dêrmei in fysike en yntinse dûnsfoarstelling oer de krêft fan emoasje, en oer wat der bart as gaos stadichoan feroaret yn helderheid.

SHIFT
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT: ít label foar net-strutsen poadiumkeunsten. Ferwachte rauwe, poëtyske, persoanlike foarstellingen, sûnder glitters en façades. Foarstellings dy’tst sjoen hast, fan jonge en fêstige makkers dy’t reitsje oan de aktualiteit en de takomst. By SHIFT komst omdatst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, by de oar, by dysels, yn it grut en yn it lyts. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dromers. SHIFT is in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.