Yn Three Times Left is Right stiet in stel sintraal dêr’t de ien ekstreemrjochts fan is en de oar ekstreemlinks. Harren relaasje wurket as in fergrutglês foar in maatskippij wêryn’t minsken hieltyd fierder útinoar lykje te groeien. Hoe libbest mei ien dy’t folslein oars tinkt as datsto?
De foarstelling is ynspirearre op in besteand koppel: Caroline Sommerfeld en Helmut Lethen. Sy ferskille polityk sterk fan elkoar, mar diele wol in libben en in húshâlding. Dat ropt fragen op dy’t ek yn de foarstelling sintraal stean. Wat bart der as polityk ek dyn priveelibben binnenkomt? En wat bart der as je oertsjûgingen botse mei je dieden?
Op it poadium wurde dizze fragen spile troch it Belgyske akteurskoppel Kristien De Proost en Josse De Pauw. Mei in dúdlike byldtaal en in skerpe teätrale foarm makket Studio Julian Hetzel grutte maatskiplike tema’s persoanlik en tichteby.
Trigger waarning: dizze foarstelling ûndersiket de grinsgebieten fan polarisaasje.
Three Times Left is Right giet oer polarisaasje, taal en macht. De foarstelling lit sjen hoe’t politike ideeën ferskowe en hoe’t links en rjochts soms elkoars wurden en strategyen oernimme. Ek stelt se de fraach wat der bart as geweld en hurde stânpunten hieltyd normaler wurde.
Studio Julian Hetzel
Studio Julian Hetzel makket teäter dat skuorret en oan it tinken set; teäter wurdt ynset om te spekulearjen oer in ferûntrêstende takomst. Mei in strakke byldtaal bringt it komplekse morele, sosjale en politike dilemma’s ticht by it publyk. Tagelyk is der ek romte foar humor, ûntregeling en werkenning. Mei dizze skuorjende foarstelling lit Hetzel sjen wat der bart as geweld hieltyd fierder normalisearre wurdt yn ús maatskippij.
Alles hat in ein – mar in woarst hat der twa. Never again is now.
SHIFT
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT: ít label foar net-strutsen poadiumkeunsten. Ferwachte rauwe, poëtyske, persoanlike foarstellingen, sûnder glitters en façades. Foarstellings dy’tst sjoen hast, fan jonge en fêstige makkers dy’t reitsje oan de aktualiteit en de takomst. By SHIFT komst omdatst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, by de oar, by dysels, yn it grut en yn it lyts. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dromers. SHIFT is in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
SHIFT wurdt yn it seizoen 2026/2027 mei mooglik makke troch finansjele stipe fan Fonds 21.