SHIFT: Radouan Mriziga - Magec / the Desert

SHIFT Kaartsjes fia De Harmonie

Magec / The Desert is in dûnsfoarstelling fan de Marokkaanske koreograaf Radouan Mriziga. Sintraal stiet de woastyn: net as in leech en ûnfruchtber plak, mar as in lânskip fol kennis, ritme en betsjutting. Fan de Sahara oant de steppen fan Sintraal-Aazje: ûnbedimbe romten as plakken foar besinning, dy’t sjen litte hoe lyts de minske eins is.

Foar Mriziga is de woastyn in plak fan wiisheid, dat freget om oandacht, beskiedenens en lykwicht yn stee fan oerhearsking. Yn syn koreografy komme beweging, tekst, muzyk en lûd byinoar yn in mearlaachse foarstelling dêr’t ferskillende perspektiven op in taastbere wize yn gearfalle.

De kultueren fan woastyngebieten foarmje in wichtige boarne fan ynspiraasje: tink oan ambachten, muzyk en tradysjes. Ek it ritme fan it lânskip spilet in grutte rol. Lûd beweecht him yn de woastyn oars as yn de bergen. Stilte, romte en tiid krije hjir in nije betsjutting. Op it poadium wurkje de dûnsers mei ritme en werhelling. Yn Magec / The Desert bringt DJ en produsint Deena Abdelwahed live én foarôf opnommen muzyk, wylst se tagelyk yn dialooch giet mei de dûnsers.

De makkers litte har ek ynspirearje troch de bisten fan de woastyn. Mei ferbyldingskrêft en in skerp each foar beweging ûntsteane nije foarmen. In oar wichtich elemint yn de foarstelling is de sinnewizer. Ljocht en skaad meitsje de tiid sichtber en ferwize nei de wize wêrop minsken yn de woastyn libje yn ferbining mei de sinne en de natuer. Sa wurdst dy bewust fan lytse feroaringen: yn temperatuer, yn ljocht.

Magec / The Desert is it twadde diel fan in trilogy oer lânskippen as dragers fan kennis. Dêr’t it earste diel him rjochte op de bergen, daalt dizze foarstelling ôf nei de woastyn. Hjir, tusken bergen en see, ûntstiet in nije wize om nei de wrâld te sjen.

De foarstelling noeget dy út om te fertragen. Om efkes stil te stean by de yntelliginsje fan de natuer. En om de ferbining mei dyn omjouwing op ‘e nij te fielen.

SHIFT

Dizze foarstelling makket diel út fan SHIFT: it label foar ûnpolyste poadiumkeunsten. Ferwachtsje rauwe, poëtyske en persoanlike foarstellingen – sûnder glitter of skyn. Foarstellingen dy’tst gewoan sjoen hawwe moatst, fan sawol opkommende as fêstige makkers dy’t har ferhâlde ta de aktualiteit en de takomst. Do komst nei SHIFT omdatst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, yn oaren, yn dysels, yn it grutte gehiel én yn de lytse details. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. SHIFT is in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.

SHIFT wurdt yn it seizoen 2026/2027 mei mooglik makke troch finansjele stipe fan Fonds 21.