Badke(remix) fan laGeste & Stereo48 is in Belgysk-Palestynske dûnsfoarstelling dy’t in nije draai jout oan de eardere produksje Badke. Dizze ferzje is artistyk foarmjûn troch Amir Sabra en Ata Khatab, dy’t fierder bouwe op in foarstelling dy’t in grutte betsjutting hie foar in generaasje Palestynske dûnsers.
Badke(remix) bringt ferskillende wrâlden byinoar. De basis is dabke, de Palestynske folksdûns, kombinearre mei ynfloeden út hiphop, capoeira en sirkus. It resultaat is in eigentiidske foarstelling dêr’t tradysje en nije foarmen inoar moetsje.
De foarstelling lit de krêft fan mienskiplik dûnsjen sjen. Gearwêzen, mienskip en it gefoel derby te hearren steane sintraal. Tagelyk is der romte foar spanning, pine en de hurde realiteit fan it deistich libben. Under it feestlike oerflak fielst it gewicht fan oarloch, besetting en ferlies. Krekt dat jout de enerzjy op it poadium in djippere betsjutting.
Muzyk spilet dêrby in wichtige rol. De foarstelling is ynspirearre troch de oansprekkende dabke-muzyk fan Nasser Al-Fares, bekend fan brulloften op de Westbank. Wat begjint as feestlik en meinimmend, krijt stadichoan in skerper rântsje, wêrtroch wille en fertriet hieltyd ticht byinoar bliuwe.
Badke(remix) siket net nei ien fêste of “suvere” foarm fan tradysje. De makkers litte krekt sjen dat tradysjes bewege en feroarje kinne. Hoefolle nije ynfloeden kin in folksdûns opnimme? En hoe joust sa’n dûns in nije foarm sûnder de kearn te ferliezen? Dy fragen klinke troch yn de hiele foarstelling.
It resultaat is in yntinse en fysike dûnsfoarstelling fol ritme, úthâldingsfermogen en fearkrêft. Badke(remix) lit sjen hoe’t dûns minsken byinoar bringt, sels ûnder de dreechste omstannichheden. In foarstelling oer krêft, ferset en tegearre fierder gean.
SHIFT
Dizze foarstelling makket diel út fan SHIFT: it label foar ûnpolyste poadiumkeunsten. Ferwachtsje rauwe, poëtyske en persoanlike foarstellingen – sûnder glitter of skyn. Foarstellingen dy’tst gewoan sjoen hawwe moatst, fan sawol opkommende as fêstige makkers dy’t har ferhâlde ta de aktualiteit en de takomst. Do komst nei SHIFT omdatst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, yn oaren, yn dysels, yn it grutte gehiel én yn de lytse details. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. SHIFT is in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
SHIFT wurdt yn it seizoen 2026/2027 mei mooglik makke troch finansjele stipe fan Fonds 21.