Yn Burning City steane ûnrêst en feroaring sintraal. De foarstelling lit sjen hoe grut en lyts nijs ús deistich libben rekket. Fan spanningen yn de strjitte ta politike ûnrêst, fan rasisme oant de klimaatkrisis: alles komt tichteby. Dat ropt fragen op. Hoe giest om mei eangst, lilkens en ûnwissens? Bliuwst stean, naaist út of komst yn aksje?
flikken hâlde jo tsjin
fight flight freeze
bommeke yn jo strjitte
fight flight freeze
ouders lûke inoar de hierren út
fight flight freeze
klimaatkrisis yn hûs
fight flight freeze
make America Racist Again
fight flight freeze
uterst rjochts wint de ferkiezingen
fight flight freeze
langdsua, Kwabena, Li Wei, Olga, Ahmed komme yn jo strjitte wenje
fight flight freeze
China wurdt de nije wrâldlieder
fight flight freeze
AI hat de toutsjes yn hannen
fight flight freeze
tsjustere strjitte, immen ropt, immen fluitet
fight flight freeze
“Burning City is mear noch as in teäterfoarstelling in aktivistysk feest” – De Standaard
Taal
Under de foarstelling wurdt der Frânsk, Ingelsk en Nederlânsk praat. Boventiteling is in fêst ûnderdiel fan de senografy. Burning City is in belibbing wêrby’t muzyk like sintraal stiet as tekst.
SHIFT
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT: ít label foar net-strutsen poadiumkeunsten. Ferwachte rauwe, poëtyske, persoanlike foarstellingen, sûnder glitters en façades. Foarstellings dy’tst sjoen hast, fan jonge en fêstige makkers dy’t reitsje oan de aktualiteit en de takomst. By SHIFT komst omdatst witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn ‘e wrâld, by de oar, by dysels, yn it grut en yn it lyts. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dromers. SHIFT is in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
SHIFT wurdt yn it seizoen 2026/2027 mei mooglik makke troch finansjele stipe fan Fonds 21.