Tusken frije jazz en feminisme befraaget Valmaggia de status quo
In frou efter in drumstel yn it fascistyske Italië fan 100 jier lyn? Dat liket ûndenkber. Krekt dy gedachte foarmet it fertrekpunt fan Agnese Valmaggia foar I Never Lie. Wat as jo yn in oare tiid berne wiene, wa hiest dan wêze kinnen? En wa kinst noch wurde, yn in takomst dy’t wy ús amper foarstelle kinne? Dreaun troch dizze nijsgjirrigens brûkt Valmaggia it drumstel as linze om de ûnsichtbere regels te ferkennen dy’t ús foarmjouwe. Yn de lêste iuw binne tinktpatroanen en stereotypen brutsen, mar hoefolle feroaring is der noch te gean? Hoefolle dingen binne no ‘normaal’ en sille der oer 100 jier folslein ferkeard útsjogge?
I Never Lie is in solofoarstelling dêr’t muzyk, byld en storytelling gearkomme om te befragen wat wy as fanselssprekkend beskôgje yn ús deistich libben. In drumstel wurdt it kloppende hert fan de show, omjûn troch triggers, elektronika, samples en meislûpende visuals, allegearre live bestjoerd. De foarstelling nûget dy as besiker út om dy foar te stellen wa’t wy wurde kinne, foarby de grinzen fan ferwachtingen. In reis dy’t dy útdaget de wierheid ûnder eagen te sjen dy’t wy sa faak oer de holle sjogge.
Biografy
Agnese Valmaggia is in Italiaanske drummer, komponist en multidisiplinêr keunstner fêstige yn Lörrach (DE). Har wurk ferkennet identiteit, persepsje en de ûnútsprutsen regels fan it deistich libben, wêrby’t se hiele wrâlden bout mei in drumstel, in laptop en har eigen blik op de wrâld.
Mei in eftergrûn yn jazz en in nijsgjirrigens nei storytelling brûkt se ritme en technology om te befragen hoe’t wy ús gedrage, wa’t wy binne en wa’t wy wurde kinne. Tidens har master jazz composition oan Codarts (2022–2024) die se artistyk ûndersyk nei it brûken fan samples yn it komposysjeprosес. Dit ûndersyk waard de basis foar har hjoeddeistige soloprojekt, I Never Lie, dat yn 2025 yn Rotterdam yn premjêre gie.
Njonken har solowurk treedt Agnese op as drummer by ferskate bands yn Nederlân en dêrbûten, wêrûnder it njoggenkoppige kollektyf parra.dice. Yn 2021 brocht se But Still út, it debútalbum fan har eigen groep, Valmaggia Project.

SHIFT, in inisjatyf fan Explore the North en Stadsschouwburg De Harmonie.
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan SHIFT! Ynstreken podiumkeunsten: rau, earlik, aktueel en ûnregelend. By SHIFT komst om’t do witte wolst wat der spilet: yn dyn holle, yn de wrâld, by de oar, by dysels, yn it grut en yn it lyts. Foar nijsgjirrige tinkers en krityske dreamers. It hiele jier troch fynst hjir op wikseljende lokaasjes foarstellingen dy’t do sjoen hawwe moatst, bûten de betrêde paden fan teater. Fan spoken word oant postmoderne dûns. Fan teatraal pamflet oant poëtysk requiem. It binne foarstellingen fan jonge én mear fêstige makers dy’t reitsje oan de aktualiteit en de takomst.