Sarathy Korwar

Festivalwykein
Explore the North Festival 2026
Kaartsjes

Utopyske jazztrip

Wat is de oerienkomst tusken feministyske sciencefiction út begjin 20ste iuw en eksperimintele jazz? It iennichste goede antwurd is drummer, komponist en producer Sarathy Korwar. Dizze pionier yn de Britske jazzscene fynt syn ynspiraasje ûnder mear yn it utopyske ferhaal Sultana’s Dream oer in lân dêr’t froulju de baas yn binne, auto’s fleane en kriminaliteit net bestiet trochdat manlju ûntbrekke. Sarathy Korwar is in master yn it keppeljen fan maatskippijkrityk oan in bûtengewoane harkûnderfining. Hy wurke gear mei grutte nammen as Shabaka Hutchings, Anoushka Shankar en Alabaster de Plume. Syn lûd wurdt sterk beynfloede troch Yndiaaske folksmuzyk út syn jeugd. Sûnder muoite ferwevet er tradisjonele perkussy-ynstruminten lykas de kandjira en de tala mei avant-gardistyske jazz en hiphop. Subtiele ferskowingen en werhellingen yn it ritme foarmje stap foar stap in oerweldigjende ekspedysje de djipte yn. Under ynfloed fan dizze ritmyske syklus ûntstiet in mienskiplike melodyske trip dêr’t Sarathy Korwar mei bewiist dat minsken ferienigje gjin utopy hoecht te wêzen en gelikense rjochten allikemin.