Ruth Ruijgers & Olaf Visser - De Slaperdijken

Festivalwykein kaartsjes

Dizze show is ûnderdiel fan ús kruipdoorsluipdoor-programma. Let op: hjirfoar is der in beheinde kapasiteit, dus wês op ‘e tiid oanwêzich want fol = fol.

Wat moatte we mei ús spoaren?

Op it ronkjen fan ‘e grûn meist net yn ‘e sliep dutte, hoe’t it ek tinken docht oan opkrolle yn in búk, oan it ear yn in skulp op it strân. Harkje. Wêr kinne wy noch harkje sûnder ús te hearren? It gestommel dat wy ôfsette tusken de kleilagen, it gûnzjen yn it loftrom. Sels it gezoem fan bijen ropt de fraach op hoefolle bijen oft wy nét sjogge.

Twa dichters dûke yn de boaiem. Se fine stof, liedingen, woelmûzen, pinwoartels en potskerven fan de geopolityk. Wat moatte we mei ús spoaren? Us yngroeven ferline, ús fantasyen fan ‘e takomst, ús fantasyen fan it ferline? Soms tink ik dat it weromkomt as ik mar lang genôch efterút rin. In ûnhâldber idee dat ik dêrom noch steviger fêstpak. Wat betsjut dat foar de langst nei fiere bergen? Foar it betsjoenende fan de see? De wide stilte, sfinkseftich as in lapkeskat yn it gers, dêr’t wy soms sa graach even yn wenje wolle?

Wat begûn as in poëtyske dialooch tusken in natuerdichter en in doomroller dy’t beide ôffregen dêr’t hja eins mei ferbûn binne, is útgroeid ta in muzikale poëzij-foarstelling dêr’t, as men goed harket, noch folle mear stimmen te hearren binne. De fragen binne bleaun en fermannichfâldige. Yn De Slaperdijken setten Olaf en Ruth de kompromittearre ferhâlding ta de oare en de ierde ûnder eagen te kommen, en freegje se har ôf: in oe-klank yn in útholle kalebas, hoe?

Oer de makkers
Ruth Ruijgers is dichter mei in teäterachtergrûn en dosint poëzy oan de Skriuwersfakskoalle yn Grins. Se skreau foar Theater na de Dam, publisearre yn Op Ruwe Planken, en jurearre by Kunstbende. Yn 2023/2024 wie se húsdichter fan de RUG.

Olaf Visser is dichter en muzikant. Hy is ynteressearre yn byldfoarming, yntimiteit en frjemdens, en perspektiven dy’t it mooglik meitsje in ferhâlding mei de wrâld oan te gean. Hy wurke mei oan in gedichterige omtrint de VAM – (ôffal)berch en makke soundscapes foar ferskate koarte films, wêrûnder de eko-horror short film Water Witching.

Ruth en Olaf komme út Grins, dêr’t se alle moannen poëzy programmearje mei it kollektyf Natte Neuzen, en beide meitsje se diel út fan de Dichtklup. Dizze maitiid makken se De Slaperdijken yn opdracht fan Sense of Place. Se stiene earder op Dichters in de Prinsetuin en Noorderzon.