Dizze show is ûnderdiel fan ús kruipdoorsluipdoor-programma. Let op: hjirfoar is der in beheinde kapasiteit, dus wês op ‘e tiid oanwêzich want fol = fol.
13:00 – 13:30 oere
14:00 – 14:30 oere
Dûnsje tusken de tigers yn The Otherworld
Marius mist syn frou, wylst se der noch is. Se is siik en noch net dea. Om syn sinnen te fersetten sit Marius op The Otherworld, in online virtual reality-spul. Dêr organisearret er feesten op syn tropyske eilân dêr’t er in bistfreonlike (want digitale) tigerfokkerij runt.
Yn De Mismis stappe je de wrâld fan Marius binnen en binne je te gast op syn feest. Do hast gelok: spesjaal foar jûn hat syn dj in wol hiel bysûndere set taret. Sjoch en harkje nei har, dûns miskien foarsichtich tusken de tigers en lit dy treastgje troch de Troostswaan.
De Mismis is in teäterfoarstelling en in klupjûn ynien, basearre op Korstmos, de roman fan Rinske Bouwman. In foarstelling foar elkenien dy’t wat of ien mist.
Taal: Nederlânsk
Credits
Concept en tekst: Rinske Bouwman
Spel: Rinske Bouwman e.a.
Eindregie: Noufri Bachdim
Mei tank oan: Fentener van Vlissingen Fonds en ILFU
Oer de makker
Rinske Bouwman (1988) is in teätermakker en skriuwer út Utrecht. Har foarstellingen wiene te sjen op ferskate festivals en yn teäters troch hiel Nederlân. Har teksten ûnderskiede har troch in alansearre miks fan beklemming en humor. Rou foarmet faak de kearn fan har wurk, dat troch har ferrassende toan en absurde ynfloeden in hoopfolle lading krijt.
Yn jannewaris 2024 ferskynde har debútroman Een soort eelt. Se wie te gast by VPRO Boeken, trede op op Lowlands en Crossing Border en waard nominearre foar de Anton Wachterprijs. Yn 2025 ferskynde Korstmos, dêr’t se it C.C.S. Cronestipendium foar krige en nominearre waard foar de Amarte Literatuurprijs.