16:30 – 16:50 oere
18:30 – 18:50 oere
In rauwe, rituele performance oer ferlies, oantinken en werberte
Yn Wild Woman sakket Princess ôf yn in mytyske en fysike ûnderwrâld dêr’t identiteit, lichem en stim útinoarfallen — om dêr opnij út opboud te wurden. Ynspirearre troch de figuer fan La Loba út Women Who Run With the Wolves fan Clarissa Pinkola Estés, sammelet de Bone Woman de ferlerne bonken en sjongt se werom ta libben. Net as nostalgy, mar as needsaak: wat fergetten is, moat op ‘e nij weromtocht wurde.
Op Explore the North spilet Princess in koarte, muzikale ferzje fan de show, tegearre mei drummer Ruben van Asselt en komponist / muzikant Edis Pajazetovic.
De performance giet út in brek wei — mei oarsprong, mei it memmelichem, mei foarâlderlik ûnthâld. Ut dy leechte wei teart in yntins trajekt fan desyntegraasje, konfrontaasje en transformaasje út. Wild Woman toant werberte net as wat sêfts, mar as in proses fan ôfbraak: in ôfdaling troch gaos, lilkens en stilte, dêr’t it sels yn stript wurdt oant op ‘e bonke.
Gegrûn yn Afrikaanske spirituele tradysjes lykas Vodun, en droegen troch in hybride klankwrâld fan Afro-futurisme, Afro-punk, metal en rap, ûntstiet in rituele romte dêr’t ferline, lichem en ferbylding yn gearfalle. Live muzyk, trance, fysike útputting en fisuele projeksjes lûke it publyk mei yn in ûnderfining dy’t net allinnich oanskôge, mar ûndergien wurdt.
In kollektive konfrontaasje mei wat ferlern gie en wat bliuwt fuortbestean yn it lichem. In poëtyske en rauwe syktocht nei stim, lichem en siel yn tiden fan inerlike en maatskiplike krisis.
The Bone Collector is gjin ferhaal oer heling allinne, mar oer wat deroan foarôfgiet: it brekken, it oantinken, en it op ‘e nij gearstallen fan in sels dat nea folslein ferdwûn wie.
Oer Isatu Hassan Bangura Isatu Hassan Bangura (1996) is in multydissiplinêr performancekunstenaar dy’t wurket op it snijflak fan ritueel, teäter, muzyk en storytelling. Ut har Sierra Leanske woartels wei en har libben yn Europa ferwevet se foarâlderlik ûnthâld mei hjoeddeiske ûnderfiningen.
Har wurk is radikaal libben en djip bewoartele yn spirituele krêft. Se put út Vodun-kosmologie en West-Afrikaanske tradysjes, en benaderet it poadium as in rituele romte dêr’t it sichtbere en it ûnsichtbere gearkommen.
Fia beweging, taal en lûd belichmt se persona’s dy’t persoanlike en kollektive ferhalen drage, wêryn’t it yndividuele en it mytyske gearloeien. Har praktyk omskriuwt se as ‘soul-voice storytelling’: in yntuïtive foarm wêryn’t keunst en ritueel yninoar oerfloeie.
Se studearre ôf oan de Toanielakademy Maastricht en makke Great Apes of the West Coast, dêr’t se de Theo d ‘ Or foar krige en in nominaasje krige foar de BNG Bank Theaterprijs 2024.