Popronde 2025

Podium Explore
Podium Explore

Op freed 10 oktober strykt Popronde wer del yn it sintrum fan Ljouwert. Tidens dit festival sjochst ferskate opkommende muzykacts op ferskillende plakken yn ’e binnenstêd. Ek Podium Explore docht mei! Troch de hiele stêd kinst genietsje fan de nijste muzikale talinten: fan hyperpop oant hiphop, fan singer-songwriter oant dance en fan blues oant rock – alles kin. By Podium Explore sjochst trije nije acts dy’t harren unike keunst hearre litte. Set de 10e alfêst yn dyn aginda en noegje freonen út foar in muzikale ûntdekkingstocht. En de tagong is hielendal fergees!

Diner yn it kafee
Do kinst ek eltse freed telâne foar in hapke en in drankje tusken 17:00 en 00:00 oere. Dus ast foarôfgeand dinerje wolst yn ús 100% fegetarysk kafee, kinst hjir alfêst reservearje. En der is selsmakke lekkers te krijen by de bar as brânstof foar de jûn.

Timetable
20:00 Coos
21:15 Oliv Oliv
22:30 Wabi Sabi

Coos skriuwt ongefilterde indie-folk/pop-nûmers mei teksten rjocht út har deiboek. De band hat in chemie basearre op djippe freonskip en spilet fol eufory mei seisstimmige sang. Coos har emoasjes stjoere de muzyk, de ferskes fariearje fan lyts en yntym oant grut en yntins.

Oliv Oliv bringt analoge synths, field recordings en dreamerige soundscapes. Der ûntstiet wat magysk tusken techno en trip tidens har shows. It debútalbum Tehran Mountains komt yn septimber út by Uncloud Editions: in miks fan synthesizers en Eastlike ynstruminten lykas de Oud en Tar, in dynamysk en spannend lûd dat in optreden sawol meislepend as dânsber makket.

Foar fans fan Tame Impala, Melody’s Echo Chamber en Beach House: Wabi Sabi fusearret hypnotisearjende grooves, dreamerige tekstueren en ynsjochjende teksten. In sonyske reis dêr’t tsjinstellingen grutter makke en werjûn wurde: skientme yn ûnfolsleinens en ienheid yn dûbelheid.