Dizze show is ûnderdiel fan ús kruipdoorsluipdoor-programma. Let op: hjirfoar is der in beheinde kapasiteit, dus wês op ‘e tiid oanwêzich want fol = fol.
Snein:
13:00-13:30 oere
14:00-14:30 oere
Nachtmerje ûnder systeemplafonds
Plafonddienst is in muzikale foarstelling oer in wurknimmer fan in bedriuw dat systeemplafonds ferkeapet. Efter dy plafonds kinne klanten buizen, kabels, mûzen, eksistinsjele eangsten en doemgedachtes kwyt. Dat is in geweldich systeem om ûnderdiel fan wêze te meien, mar de plafonds beswike ûnder de druk. In nachtmerje ûntteart him, en yn in symfony fan knettearjende kantoartelefoans en flikkerjende ljochten kin de ferkeaper allinnich mar tasjen hoe’t it plafond driigjend op him ôf komt, as de himel dy’t needlottich falt.
Oer de makkers
Plafonddienst
Jovan Smilda en Brecht Hekkema binne beiden ôfstudearre oan ArtEZ Arnhem yn de rjochting Muzykteater. Se wurkje oan crossdissiplinêr muzykteäter wêryn’t muzyk, technology en performance gearkomme. Yn harren wurk ûndersykje se maatskiplike systemen en oersette dy nei boartlike, fisuele en muzikale wrâlden. Harren foarstellingen balansearje tusken humor, ferfrjemding en ûnheil en meitsje komplekse tema’s tagonklik en ynfielber.
Oer Jovan Smilda
is muzykteätermakker, skriuwer, performer en ljochtûntwerper, berne yn Fryslân. Ferline jier folge Jovan in trajekt as ynterdissiplinêr makker en performer by NITE yn Grins, sûnt dy tiid is de ferbining mei it Noarden opnij oanwakkere. Jovan makket crossdissiplinêre, mixed-media performancekunst. It wurk is absurdistysk, talich muzykteäter, driuwend op de boustiennen humor en ûnheil. Jovan wurdt motivearre troch sosjaal-maatskiplike fenomenen dy’t wy as mienskip as ‘normaal’ akseptearre hawwe. It is Jovans missy om de absurditeit fan ús tiid te wjerspegeljen yn tagonklike, mar ynhâldlike performanekunst.
Oer Brecht Hekkema
Brecht Hekkema (2001) studearre yn 2025 ôf oan it konservatoarium ArtEZ Muzykteater yn Arnhem, mei drums as haadfak. It wurk fan Brecht bestiet út persoanlike, ynteraktive en ferfrjemdzjende performances dêr’t muzyk en lûd de taal yn foarmje en humor in rol spilet. Brecht siket it grinsflak tusken muzyk, teäter en byldzjende keunst en ûndersiket tema’s as skamte en de útdaging fan écht kontakt meitsje: gefoelens dy’t we soms leaver net ûnderfine soene en sels mije, mar dy tagelyk in bewiis binne dat we ús op inoar ôfstimme. Mei it wurk wol Brecht de eigen generaasje (Gen Z) in hert ûnder de riem stekke yn it opeaskjen fan sizzenskip oer de eigen takomst. Mei selsboude ynstruminten, analoge fideoapparatuer, op ûneigentlike wize manipulearre berneboartersguod, VJ-visuals en muzyk nûget Brecht it publyk út om twivels en ûnwissens ta te litten en de nuânses fan de eigen emoasjes te ûntdekken, troch in net-flatteuze kant fan harsels sjen te litten en alledeiske faaasjes in poadium te jaan.