OVER VROUWEN – mei froulju (v/x/m)
Tidens OVER VROUWEN, mei froulju (f/x/m), meitsje je kennis mei feminisme yn al syn foarmen en maten. Op dizze weromkommende jûnen ûntdekke je hieltyd in nij perspektyf op feminisme, en dizze jûn giet oer ehh, hoe hjit dat ek alwer? Dat je yn sa’n perioade sitte wêryn al dyn hormonen hinne en wer fleane, fleane, FLEANE! Wêrom wurket myn toetseboerd net mei?! Lit ek mar, ik ha der gjin sin mear oan… wêrom is it hjir trouwens sa waarm? Oké, sykhelje yn en sykhelje út: dizze jûn giet oer de faze foarôfgeand oan de menopoaze. In faze dêr’t elkenien mei in liifmoer trochhinne giet.
Wisten je dat je hormonen al fanôf je 35e begjinne te skommeljen? Nee? Dat is net frjemd, want hiel wat minsken witte dit net. Wy geane yn petear oer de PERIMENOPAUZE en wêrom’t wy hjir eins sa’n bytsje oer witte (spoiler: de patriarchale medyske yndustry is foar in grut part de skuldige). Wat binne de symptomen en wêrom duorret it faak sa lang foardat se werkend wurde? Depresje, in angststeuring en in burn-out binne faak foarkommende ferkearde diagnoazes, wylst in soad lijen maklik foarkommen of fermindere wurde kin troch de symptomen te herkennen. Der falt noch in soad te learen, en dêr meitsje wy in begjin mei tidens dizze edysje fan Over Vrouwen.
OVER VROUWEN – met vrouwen (x/v/m)
Freed 18 september
20.30 – 22.00 oere
Entree Fergees
Jûnsiten yn ús kafee
Kom foar it jûnsprogramma gesellich by ús ite yn it kafee, of genietsje oan de bar fan ús selsmakke lekkernijen as brânstof foar de jûn. Dizze jûn servearje wy in deistige hap foar €10, makke mei grienten út Arno syn tún, sa’n 25 km fierderop. Superlokaal en biologysk iten, fan grûn oant board! Reservearje kin fia horeca@explore-the-north.nl, mar je binne ek fan herten wolkom om gewoan oan te waaien!