TikTok BOEM!
“I take your trash and I puke it into art.” De út Stockholm ôfkomstige N I T E F I S H spuit in goare switterige miks fan gabber, trance, punk rap en drum & bass út oer syn publyk. Dêrby brûkt er twa mikrofoans om syn eksplosive punt te meitsjen. Hy sûget alle oandacht op fan dy ferflokte telefoan yn ‘e hân. Dat ferslaavjende skerm foarmet it middelpunt fan nije rituelen oangeande brainrot en doomskrollen dêr’t N I T E F I S H yn ferset komt. Syn multymediale performance docht in berop op alle sintugen en dêrby kinst sawol wekker skodde wurde as noait wer sliepe kinne. N I T E F I S H stiet garant foar in ferneatigjende performance dêr’t er him as bonus mei in winkelweintsje yn it moshpit stoart. It plak om ek dyn syber demonen ûnder eagen te kommen yn in ta rave omdoopte ekorsisme. Lûk dus dyn meast glimmende trainingspak út ‘e kast en makkest klear foar de dopamine rush fan dyn libben.