It hert fan de Museumnacht
Kom by de Museumnacht op sneon 26 septimber gesellich in spultsje spylje, genietsje fan in lekker bierke of lit dy meifiere troch de moaie sfear. Nachtvlinder iepenet de jûn mei in performance, wêrnei’t Podium Explore it festivalhert fan de Museumnacht wurdt – dus waai oan, tank by en besjoch de ynstallaasje fan Luz Mercedes.
Timetable
19.00 – 20.00 iepening mei performance fan Nachtvlinder
19.00 – 00.00 ynstallaasje fan Luz Mercedes yn it Loket

Lûdskeunstner Luz Mercedes nûget dy út om yn de Museumnacht harren audiofisuele omjouwing op Podium Explore yn te gean. Dêr kinst sitten gean en dysels ûnderdompelje yn in wrâld fan storytelling, folkloare en technology. Mei it projekt How We Remember wol Luz in part fan dizze ferhalen werombringe yn it oantinken, yn kombinaasje mei projektearre bylden en in elektroanysk klanklânskip.

Nachtvlinder is in avonturier. In dreamer. In dwaler. Rommelich. Yn ‘e war. Hoopfol. Of dat besiket se dochs. Lykas do. Nachtvlinder skriuwt en sjongt foar elkenien dy’t somtiden it paad net mear wit. De rommelige minsken. De minsken dy’t it even net mear witte. De minsken dy’t hoopjen bliuwe, ek al is dat somtiden dreech. Foar dy.
Museumnacht mei Luz Mercedes & Nachtvlinder
Sneon 26 septimber
19.00 – 00.00 oere
Fergees Entree