Se skreaune ynkringende protestsongs oer it rjocht om te wêzen wa’tst bist
Oer in libben dat ûntspoart by gebrek oan in eigen thús. Oer rasisme en de ympakt dêrfan. En oer alles wat skuorret yn in wrâld fol tsjinstellingen en oarloch. Fjouwer jonge skriuwers hawwe wurden jûn oan wat harren rekket, lilk makket en wekker hâldt.
Mats Voshol sette harren teksten op muzyk en stelde in fjouwerkoppige bân gear. Sá goed, datst op slach fereale op se wurdst. Se makken in teäterkonsert dat de panne út swingt.
Jonge Schrijvers
Jonge Schrijvers is in talintûntwikkelingstrajekt fan Explore the North en Meeuw jonge teatermakkers. Talintfolle jongeren út Fryslân (14 – 18 jier) krije de kâns om harren te ûntwikkeljen ta skriuwer. Sa no en dan krije se skriuwopdrachten, lykas foar dizze produksje wêrby’t se begelaat binne troch songwriters Arnold de Boer en Koen Frijns.
Kredit
Skriuwers: Rixt Siderius, David Gil Bisschop, Bastiaan Okkema, Rowan Vis
Begelieding Jonge skriuwers: Arnold de Boer en Koen Frijns
Muzykkomposysjes en muzikale lieding: Mats Voshol
Band: Mats Voshol, Bram Wassink, Renske de Boer, Junior Effah-Bekoe