In people pleasende sêft-aktivist beslút himsels te konfrontearjen mei de emoasje dêr’t er meast bang foar is: hy wol foar it earst poerlilk wurde.
Mees van Rijswijk wurdt faak omskreaun as ‘leaf’, ‘rêstich’, in ‘allemansfreon’, in ‘nice guy, mar dan ek wíer nice’. Oait neamde ien him sels ‘ûngefaarlik’. En dêr gie it mis. Sa wurdt er fansels totaal net serieus nommen. Sûnt dy tiid hat Mees ien winsk: hy wol poerlilk wurde.
In sêft-aktivist beslút om syn eigen lilkens net langer te ûntkennen. Hy freget lilke minsken om tips: oan de iene kant om de keunst ôf te sjen, oan de oare kant om te sjen oft der ek wat yn harren lilkens sit wat harren ferbynt. Faaks begjint wrâldfrede krekt yn in moshpit, of yn de moeting fan in knokkel en in kaak. AAAARGH is in muzikale spoken word-foarstelling oer in skjirjende syktocht nei lilkens. Is in net in hantlieding, gjin terapy, gjin feilige romte. It is net iens in wurd. AAAARGH is in radikaal besykjen om sêft te bliuwen, krekt tôch spikerhurd ferset.
Oer Mees
Mees van Rijswijk (1999) is in poadiumdichter, teätermakker en (eardere?) sêft-aktivist út Ljouwert. Hy nimt it minske-wêzen mei in kerltsje sâlt en beskriuwt dingen it leafst krekt sa’t se binne, yn sa min mooglik wurdlidden. Mees wûn ferskate prizen foar syn spoken word-stikken, reizget it hiele lân troch foar optredens en lost ûnderweis graach sudoku’s op.
Podiumdichter Mees van Rijswijk (26) wil zich graag verzetten tegen seksisme, racisme, transfobie en ‘het feit dat alles altijd om geld draait’, maar dan moet hij eerst boos zien te worden. Tijdens Aaaargh doet hij zingend en rappend, met muzikale steun van gitarist Sander Koning, verslag van pogingen de wolf in zichzelf aan te boren. Dat doet hij innemend goed, juist doordat hij zijn zachtaardigheid op ludieke wijze ontleedt. – de Volkskrant ★★★★
Credits
Konsept, tekst, spyljen: Mees van Rijswijk
Muzyk: Sander Koning
Regy: Sjaan Flikweert
Dekor: Caya Emmelkamp
Kostúmûntwerp: ChaPauw
Produksje: Annemarie Venema
Artistike en saaklike begelieding: Eva van Netten, Marleen Nagtegaal en Mark Hospers
Marketing: Merel Hoekstra & Mathé Többen
Mei tank oan | It Cultuurfonds & Gemeente Ljouwert