It wûnder fan Fryslân
Op in goede dei briek de himel iepen en sakke MAYTE del op ierde. Brenger fan hoop yn bange dagen foar muzykleafhawwers en it Frysk. Mayte Veenstra is it ûngrypbere ingelige gesicht fan dizze himelbestoarjende bân. Rasmuzikanten Sander Koning, Bram Welbedacht, Jochem Knoef en Esker van de Werken drage har stim ta grutte hichte. Se eaget miskien ûnskuldich as wite sokken, mar MAYTE slacht de wjukken út en set in ferrassend stevige performance op poaten. Eigenrute komposysjes en rauwe gitaren falle tegearre mei brekbere bespegelingen oer takomstdreamen, ferlerne leafdes en treinreizen troch de nacht. Har ferskes binne in wolkomme oade oan de taal fan thús. Swiet songen as sûkerbôle of krekt mei útsprutsen lef brocht. Net dreaun troch nostalgy, mar út in oprjochte foarleafde wei foar it tsjintriedske ritme en de helderheid fan Veenstra’s memmetaal. It Frysk is werom op de muzikale kânsel. En MAYTE seach dat it goed wie. Foar Explore the North Festival pakt se út mei in unike set spesjaal makke foar de prachtige Grutte Tsjerke.
Taal: Frysk