De werberte fan in sensuele rebel
MAYA MARIA spielde ea oan op it strân fan Skylge. In rebelske oerfrou mei twa fuotten stevich yn it sân. Jierrenlang waard se fanwege sykte omjûn troch stilte. Dêrwei waard in langst nei radikale belichaming fan muzikaliteit berne. No stiet se fol oerjefte op it poadium en makket har dreamen wier. As in hjoeddeiske sirene wit se op hypnotisearjende wize har publyk mei te lokjen nei oare wrâlden.
Dizze multydissiplinêre makker en artdirector skept mei ferliedlike avantgarde ART Pop en Alt-R&B romten dêr’t alles mooglik yn is. Yn 2026 wie se supportact by de hiele toer fan Naaz en by Explore the North jout MAYA MARIA in teaser fan har debútalbum BABY MAMA. Mei kwetsberheid en sensualiteit as ultime wapens toant se mei har performance oan dat sy de goede persoan is om it wurd te fersprieden.