Punk as ultym ferset
Fuortsjen hat gjin doel. As MAHA sjongt, moatst wol lústerje. Yn de fideo by it nûmer No profit stoarret se sûnder mis de kamera yn. De keale skuorjende tekst “ Counting money won’t fix your problem ” foarmet in oansteklike kombinaasje mei de pakkende baslinen. Op twa stevige skuon stapt se lichtfuottich om op de maat fan de muzyk. Mar fersin dy net. Dizze frou komt mei in snoeihurde boadskip ferpakt yn boartlike post-punk. Net om ‘e nocht stie se al yn it foarprogramma fan Pussy Riot. MAHA is in aktivistyske powerhouse út Snits mei Sûdaneeske woartels. Har DIY-zine is in platfoarm foar stimmen dy’t te min heard wurde, fuortkaam út har eigen ûnderfiningen as swarte moslimfrou. Op Explore the North traktearret MAHA op nij wurk dat it útraast fan wille as ultym ferset tsjin it grutkapitaal.
Dit optreden is ûnderdiel fan it trajekt Tweespraak. Explore the North begeliedt binnen dit trajekt MAHA by it meitsjen fan nij ynterdissiplinêr wurk.