Sneon:
15:15-16:00 oere
19:15-20:00 oere
In fysike dialooch oer ferskillen en oerienkomsten
Yn in tiid dat migraasje en sosjale ferdieldheid allegeduerigen ûnderwerp fan debat binne, skept Mond van de Mode romte foar ferbining en begryp. Mei persoanlike ûnderfiningen as fuortpunt ûndersiket de foarstelling hoe’t it is om te navigearjen tusken langstme nei solidariteit en de sichtbere polarisaasje yn ús maatskippij.
In wrâld dêr’t trije dûnsers har bewege tusken polarisaasje en solidariteit, sykjend, reagearjend, en hieltyd op ‘e nij yn ferbining mei-inoar.
Mei hiphop as mienskiplike taal teart in fysike dialooch oer ferskillen en oerienkomsten, dêr’t romte ûntstiet foar elk syn eigen stim, sûnder it kollektyf út it each te ferliezen. In plak dêr’t ‘wy’ gjin fêststeand gegeven is, mar eat dat kontinu yn beweging bliuwt, eat dat wy mei-inoar foarmjouwe.
Oer Luango Stories
Juersson Hermanus is artistyk lieder, hiphop teatermakker en dûnser. Syn wurk ûndersiket kulturele identiteit, skiednis en lichaamlike ekspresje, djipwoartele yn syn Afro-Curaçaose eftergrûn. As artistyk lieder fan it kollektyf Luango Stories fertelt er ferhalen wêryn’t moed en ferbûnens sintraal stean.
Op dit stuit nimt er diel oan Stasjon Noard, in trijejierrich ûntwikkelingstrajekt wêryn’t er him net allinnich artistyk ferdjippe, mar ek fierder groeit as makker en artistyk lieder. Yn dit ramt ûntwikkelet er nij wurk dêr’t hiphop, tradisjonele muzyk en hjoeddeistige dûns yn gearkomme. Syn ynterdissiplinêre benadering makket syn wurk in krêftige moeting tusken tradysje en fernijing.
Credits
Choreograaf: Juersson Hermanus i.s.m. dansers
Dansers: Ryan Berg, Emma Zeimen en Lara Valentić
Projektlieder: Tracy Rutayisire
Muziek: Geronimo Chancoso & Oscar Hoppen
Lichtontwerper en technisy: Vincent Westra
Kostuumûntwerper en stylist: Shannon Weekers
Decorontwerper: Marouschka Brian
Kampanjebylden: Anjelica Cenia
Filmmaker: Roan de Vries