Hy mei se rau
Louis Ottley is lûd. En elkenien mei it witte. As in hongerige wolf stoart er him op tema’s as klassestriid, mentale sûnens en systeemkrityk. De yn Birmingham berne en yn Dútslân fêstige Louis Ottley presintearret tegearre mei syn neef en producer David Elias Ehoulan in unike kyk op Britpunk: in symbioaze tusken lilkens en bravoer. Dizze stim fan in nije generaasje protestmuzikanten hat swag. Tûk wit er syn lilkens te kanalisearjen, mei as resultaat in stevich punkfeestje dêr’t romte is yn de moshpit foar elkenien. Louis Ottley sjocht punk nammentlik as radikaal ynklusive romte. ‘Everything can be punk, and everyone can be punk.’ Set dat mar op in t-shirt. De ûnmiskenbere relevânsje fan syn wurk makket dizze act in net te missen krúske op dyn blokskema. Hy is de ultime rêsteleaze opropkraaier tsjin kapitalisme, militarisearing en ûngelikensens. Linkse posers kinne lykwols mar better oppasse. Louis Ottley mei se rau.
Dit optreden komt fuort út it Excite útwikselingstrajekt, in gearwurking tusken Popfabryk en Explore the North.