Rotsfêst leauwe yn ‘e samba 

Ast by ien wolkom bist om te leauwen yn it goede, dan is it by de Braziliaanske Karla Da Silva. De keninginne sûnder kroan fan ‘e hjoeddeistige samba is ien dêr’t sels de meast stive Hollânske heupen loskomme sille fan wille. Komfortabel op bleate fuotten en mei in brede laits leit Karla da Silva fol yn it ljocht har hert sjongend op ‘e tafel. Har muzyk is in útnûging om te dûnsjen oer de brêge tusken Afro-Braziliaansk muzikaal erfgoed en de krêftige frou dy’t sy yn de rin fan har karriêre wurden is. Karla da Silva bringt samba en de klanken fan de Afrikaanske diaspora tegearre ta in unyk waarm lûd. Se is sjongeres, songwriter en Yalorixá. As prysteres yn ‘e tradysje fan ‘e Orixás fan Candomblé is Karla Da Silva dejinge dy’t spiritualiteit en muzikaliteit sûnder muoite wit te ferienigjen yn in performance dy’t jin omslút as de sêfte én krêftige earms fan in yndrukwekkende mem.