Hoop rûkt nei dûnsswit en waskfersêfter
”It’s all about the rhythm and the love.” De yn Sweden fêstige muzikant en spoken word-artyst Joshua Idehen stiet garant foar fuotsjes fan ‘e flier én stof ta tinken jaan. As in beaken fan hoop stiet er op it poadium en beswart er banale tsjinslaggen mei oansteklik optimisme. Dat resultearre earder al yn in suksesfolle gearwurking mei Alabaster DePlume. It firale nûmer Mun does the waching is eksimplarysk foar Idehen syn maatskippijkrityske blik op deistige fenomenen. Hy proppet ritmyske teksten mei rake beats yn de sintrifúzje en hinget dêrnei in kompromisleas boadskip te drûgjen.
De kwasy-ienfâldige metafoar fan in mem dy’t de wask docht jout ferrassende ynsjoggen yn politike streamingen. Grutte waskjes of lytse waskjes, it draait allegear om de leafde dy’t jim mem deryn stoppet. Mei ûnbeheinde enerzjy wit de garismatyske muzikant de seal mei te krijen y in kollektive dance-terapysessy dêr’t sels Freud foar op ‘e bank bedarre soe. Om út te rêsten, fansels.
