De tiid dy’t nea stilstiet, de rutines dy’t ús bine en de keunst fan it stilstean yn in wrâld dy’t nea sliept.
De foarstelling 24/7 besjocht en befraacht ús deistige routine. Jeie wy hieltyd fierder fan de iene nei de oare aktiviteit en binne de dagen in eindeloze werhellingen? Of doarre wy ek stil te stean? Yn dizze foarstelling daagje de danstalinten fan de JDOF it publyk út om te fielen, te fertraagjen en it momint écht te belibjen, ynstee fan it gewoanwei te ûndergean.
Elke koreografy fertsjintwurdiget in blok fan twa oeren op de klok, útmûnjend yn in folslein etmael. Fan de drokte oerdeis oant de stilte fan de nacht: elk tiidstip hat syn eigen ritme en syn eigen ferhaal, foarme yn uiteenlôpende dansstilen.
Oer de jierlikse einfoarstelling
Elk jier slút de JDOF it seizoen ôf mei in dânsfoarstelling yn it teater. In hichtepunt yn it jier foar learlingen en publyk!
De einfoarstelling is in alsidige foarstelling dêr’t alle dansstilen dy’t leard wurde oan bod komme. De koreografyen wurde makke troch de dosinten fan de JDOF en alle leerjierren dûnsje mei. Foar de learlingen is de einfoarstelling dan ek hét momint om harren artistike en danstechnyske ûntwikkeling te sjen te jaan en poadiumûnderfining op te dwaan.
Jeugd Dans Opleiding Fryslân – 24/7
Snein 21 juny
13.30, 16.30 en 20.00 oere
Podium Explore
Helje dyn kaartsje fia JDOF