Poëzy as muzikaal gebed
 
De ferlerne soan is werom op ierde yn it stal fan folkmuzikant J.M. Baccus! Dizze as singer-songwriter fermomme dichter út Seelân wennet al jierren yn Utert dêr’t er syn religieuze opfieding sawol achter him lit as omearmet. As in lytse dief put er ynspiraasje út klassike literatuer en it Alde Testamint dêr’t út bliken docht dat men nea de earste is dy’t wat fielt of tinkt.

In gedachte dy’t neist treast is, biedt ek nederich stimt. Befange troch ûnferbitbere skeppingsdrift kreëarre J.M. Baccus de ynnimmende Nederlânsktalige lietsjes foar syn debútalbum Fragmenten van de achtste dag. Snakkend nei ûnstjerlikens as keunstner stelt er as in wiere filosoof syn harkers op ‘e proef mei syn meanderjende poëtyske teksten, stipe troch wiisheid weromgeand nei de âlde Griken. Al dyn gebeden sille heard wurde ast tusken de rigels troch harkest nei dizze stim fan boppen. Skoer oan foar in goed ferhaal fan de bychtstoel ôf skreaun troch J.M. Baccus.