Dizze show is ûnderdiel fan ús kruipdoorsluipdoor-programma. Let op: hjirfoar is der in beheinde kapasiteit, dus wês op ‘e tiid oanwêzich want fol = fol.
Sneon 21 Nov: 13:00 – 17:30 oere
Snein 22 Nov: 13:00 – 17:00 oere
Tink derom: dit is in programma op oanmelding. Fan begjin novimber ôf kinst dyn plakje reservearje. Dizze is allinnich jildich icm je festivalpolsbantsje.
Yn SRV nimt Eline de Vries dy mei nei har favorite plak: de SRV-wein fan har pake (Pake Joop). Pake Joop wie ien fan de lêste SRV-mannen fan it Noarden. Mei syn ridende wein brocht er mear as allinne boadskippen: hy brocht selskip en in harkjend ear.
Neigeraden dat de wrâld fersnelde waard de SRV-wein ferfongen troch online winkeljen, pick-up boadskippen en flugge selskankassa’s. Effisjinsje, megakoartingen en produkten fan oer de hiele wrâld yn in 24/7 – ekonomy. De lytse supermerk op tsjillen fan Pake Joop koe dêr ûnmooglik tsjinoan.
Efter de ferdwining fan de ridende supermerk skûlet in grutter ferhaal. Oer hoe ferbûnens en betrouwen feroarje, sosjale struktueren ferskowe en ús wize fan konsumearjen yn in razend tempo transformearret.
SRV is in teatrale audio-ûnderfining yn de noch ridende SRV-wein fan Romke Wielstra en syn molkboeren út Nijlân (Fryslân). Mei dyn boadskiplistje en in koptelefoan op stap yn de SRV-wein. Tusken de skappen skûlje ferhalen fan molkboeren en molkflessen. Wurdst meinommen troch it ferline, it no en de takomst. Fan ûntboezemingen oan de toanbank oant twivels oer de takomst achter it stjoer.
Wa stiet der yn de takomst noch stil yn ús strjitte? En wa harkje der noch nei ús ferhalen dy’t net op it bontsje steane?
Praktyske ynfo en oanmelding
- Kinst SRV besykje op sneon 21 novimber en snein 22 nov tusken 13:00 en 17:00 oere
- De folsleine audio-ûnderfining duorret 30 minuten en kinst dy oanmelde foar in tiidslot.
- Fan ein oktober ôf kinst dy oanmelde fia de webside fan Explore the North. Kinst SRV allinnich besykje ast ek in jildich wykein – of deikaart hast foar it festival.
- Foar elke tiidslot is der romte foar maksimaal 4 persoanen.
- Mochtst in kaartsje reservearre hawwe foar SRV, mar dochs net komme kinne, mail dan nei info@explore-the-north.nl.
- Soargje datst op ‘e tiid bist: wy freegje dy om sawat 10 minuten foarôf oanwêzich te wêzen.
- De lokaasje yn de Ljouwerter binnenstêd meitsje wy noch bekend.
- Tink derom: de ûnderfining is spitigernôch net rolstoeltagonklik.
Credits:
Concept & Regie: Eline de Vries
Geluidsontwerp: Ben Vrielink
Vormgeving: Afke Manshanden
Dramaturgie: Tijs Huys
Beeld: Annigje Roest
Vormgeving beeld: Jeroen Vos
Mei tank oan: Station Noord, Peergroup, RW mei-inoar foar elkoar (Romke Wielstra), MFC de Mande, Gerrit Maneschijn, Roelof Schaaf stra, Gerda en Joop de Graafgjes.
Muzyk: Jurre Bokma
Eline de Vries is ûnderdiel fan talintûntwikkelingstrajekt Station Noord, in gearwurkingsferbân fan grutte poadiumkeunst organisaasjes út de trije noardlike provinsjes. Dy bondeling fan krêften jout in sterke ympuls oan it artistike klimaat yn Noard-Nederlân. Ut Stasjon Noard wei binne Peergroup, Oerol en Noordelingen partners fan Eline de Vries.