In feestlike oade oan de ferburgen literêre peareltsjes
Wisten jo dat Muhammad Ali tusken it boksen troch gedichten skreau? En dat Brad Pitt in bondel leafdesgedichten hat? Britney Spears, J.D. Vance, Marilyn Monroe, allegearre binne se famous by day, tormented poet by night.
HYPERPOËZIE liedt de nacht yn mei in literêre popshow oer famous people en harren geheime gedichten. Tegearre mei in club dichters en skriuwers bringe se in feestlike oade oan de literêre peareltsjes dy’t oant no ta ferburgen bleaune yn it skaad fan de rom.
Oer HYPERPOËZIE
HYPERPOËZIE is poëzy om op te dûnsjen en bestiet út Mees van Rijswijk, Marieke Ornelis en Johannes Lievens. Mees is wurdkeunstner en stie ferline jier al op Lowlands. Hy makket yn 2026 in solo foar De Parade. Marieke wûn ferline jier de Lowlands Schrijfwedstrijd en debutearret yn 2026 mei har earste roman. Johannes spilet festivals en teäters plat mei syn shows De Eenzame Stad en Alleen een wonder. Fan oktober 2026 ôf binne se op reis mei harren earste show op jûntiid, PROTECT ME FROM WHAT I WANT.