HYPERPOËZIE - PROTECT ME FROM WHAT I WANT

Festivalwykein
Explore the North Festival 2026
Kaartsjes

Poëtysk dreamteam

Wat bart der as in sêfte aktivist, in reizgjende ferteller en in diva mei-inoar op syk geane nei de oarsprong fan ’e wrâld? Op dizze literêre punkjûn geane Mees Van Rijswijk, Johannes Lievens en Marieke Ornelis werom nei it begjin. Se besjogge fideo’s oer de produksje fan bloedwoarst, bringe in IKEA-krukje werom nei de Karpaten en ûntleedzje it earste testamint. Yn in miks fan ferhalen, ferskes en poëzy geane se de fraach oan: wêr gie it mis?

In ymprovisearre keuringsdienst fan wearde, foarby de produksjeprosessen fan iten en oare konsuminteprodukten. In syktocht nei antwurden yn gearspanningsteoryen, myten en roddels. PROTECT ME FROM WHAT I WANT is in kleurige poging om hjoeddeistige machtsstruktueren te befreegjen troch yn te zoomen op de details.

Taal: Nederlânsk

Wa?
HYPERPOËZIE (foarhinne Drie Dagen Fris) is it literêre kollektyf fan Mees van Rijswijk, Marieke Ornelis en Johannes Lievens. Bewapene mei harren pennen en in drumcomputer feroverje se dyn hert, dyn taal en dyn ferbylding. It wurk fan HYPERPOËZIE is in oanklacht tsjin it kompromis, in poëtysk manifest foar wille meitsje wylst alles om dy hinne ynstoart.

Credits:
Fan en troch: Johannes Lievens, Marieke Ornelis en Mees van Rijswijk | Scenografy: Musia Mwankumi en Lieselot Clement | Techniek: Lieselot Clement en Lore Verhoeven | Outside eyes: Marleen Nagtegaal en Maria Magdalena de Cort | Productie: HYPERPOËZIE | Co-produksje: Explore the North, OPROER, Grand Theatre, MIMIK en Perpodium, mei de stipe fan de takshelter fan de de Belgische Federale Overheid | Mei de stipe fan: Fonds 21 en de Janivo Stichting | Mei tank oan: Sander Koning, BRUT, MartHa!tentatief, De Blikfabriek, De Nwe Tijd, Oerol, STORMRAM, De Vriendenloterij en VONK & Zonen.

Dizze foarstelling is ûnderdiel fan it trajekt OPROER. OPROER is in gearwurking fan ferskate produksjehuzen yn Nederlân: Likeminds, Podium Bloos, Werkplaats Walhalla, Karavaan, VIA ZUID, Theater de Generator, De Nieuwe Oost, Grand Theatre en Explore the North. OPROER makket him sterk foar mear kânsen foar begjinnende makkers dy’t op syk binne nei spylplakken en publyk. OPROER wurdt mooglik makke troch it VriendenLoterij Fonds, mei tank oan in ekstra skinking fan de VriendenLoterij.