Dub-skilderje

Mei trefwisse wave-punk en fleurige dub skilderje Tom Ogilvie, Marnix Wilmink en Anna Fleuri Wolters as Housepainters in bliere boadskip op de skiere muorren fan de klup. Mei ynfloeden fan sevinsjes disko, piipjende punk kassettebantsjes út de jierren 80 en in blik somberheid ûntstiet in yntrigearjend muzikaal kleurepalet dat sawol tsjuster as dûnsber is. Boppe-oan de ljedder balansearje Housepainters tusken reinbôgen en dystopyen. Har montere synthpop ûntstie yn in krappe Amsterdamske thússtudio yn ‘e tiid fan ‘e wrâldwide pandemy. Al gau groeiden har ambysjes oant fier bûten de ring en ferven se mannich popseal mei in funky klodderke rôze hjir en dêr. Sels in spatsje Dútsk stiet se goed. It trijetal lit him sjen as in enerzjike en upbeat live act. Jetzt geht’s los mei Housepainters!