Haken en Ogen & Breien

Podium Explore Ferries

Ho Ho HOO!

Hat Wham! al wiken lang as in earwurm yn dyn holle sitten? Hast alle lampkes fan ’e souder helle en dyn hiele hûs omtovere ta in knipperjend spektakel? Rinst mei pûdsjes dinnegeur troch it hûs – en sitte se sels yn dyn bûse?

Wolkom by in gesellige jûn Haken en Eagen & Breidzjen – de Kryst-edysje!

Wy organisearje dit jier noch ien kear Haken en Eagen & Breidzjen yn ús kafee. Dêr kinst dyn hannen waarmje by in knisterjend fjoer, sadatst dy gjin soargen hoechst te meitsjen oer kâlde fingers by it opsetten of ôfheljen fan steken.

Yn alle drokte en gaos foar de Krystdagen is it wol sa noflik om dy efkes werom te lûken mei dyn WIP tusken minsken dy’t itselde leafhawwe. In gesellige jûn mei-inoar, ynspiraasje opdwaan, en miskien ek efkes dyn soargen diele oer it Krystdiner en hoe’t dat allegear moat mei al dy famyljebesite? Wy soargje foar Koek & Zopie, in noflike sfear en geselligens. Der binne ek in tal krystige patroanen oanwêzich ast dy útlive wolst.

En binne al dy triedden en nâlen nij foar dy? Gjin noed! Der is altyd wol ien dy’t it dy leare kin! Yn it kader fan Gjin inkele bol wol hoegt mei Kryst allinne te wêzen! Sjen wy dy 12 desimber?

Haken en Eagen & Breidzjen
12 desimber 2025
20:00 – 22:00 oere
Fergees tagong

Diner yn it kafee
Ek dizze freed kinst fan 18.00 oere ôf by ús terjochte foar in 3-gongen diner foar €25. Ast graach foarôf ite wolst yn ús 100% vegetariske kafee, kinst hjir al reservearje. En der is selsmakke lekkers te krijen oan ‘e bar as brânstof foar de jûn.