Fries Project Orkest en Jeugd Dans Opleiding Fryslân - GenZ vs. Boomers

Podium Explore Bestel kaartsjes

In skerpe en ûntwapene muzyk – en dûnsfoarstelling

Yn in tiid wêryn’t generaasjes inoar faker online befjochtsje as offline moetsje, bringt dizze foarstelling de moeting fan dizze twa groepen nei it poadium.

Jonge dûnsers ûndersykje tegearre mei live musisy de spanningen, misferstannen en botsende wrâldbylden tusken Gen Z en de Boomers. Twa generaasjes dy’t symboal steane foar bredere maatskiplike breuklinen en yntergenerasjonele fraachstikken.

Yn dûns en muzyk wurdt de kleau fielber makke: fan karriêre oant privileezjes en idealen, eangsten en ferwachtingen. Mar yn dy botsing ûntstiet ek wat nijs: werkenning.

Eaty.

En miskien sels ûnferwachte sibskip.

Kaartsjes
Regulier kaartsje: € 25 ynkl. servicekosten
Jongeren o / m 18 jier: € 15 ynkl. servicekosten

Oer
Frysk Projekt Orkest Ien fan de doelstellings fan it Frysk Projekt Orkest is “ gearwurkingsferbannen oangean mei oare keunstdissiplinen ”. We wurken al gear mei de feejays Lamp-en-Kap, mei filmer Frits Boersma, regisseur Roeli Walraven, dûnsers Shara Maaskant en Thomas Krikken, AI-keunstner Albert Smit en robotbouwer Edwin Dertien.

JDOF (Jeugd Dans Opleiding Fryslân) De JDOF helpt jonge, talintfolle dûnsers harren dreamen wier te meitsjen. Yn de fjouwerjierrige foaroplieding krije de dûnsers de kâns om har te ûntwikkeljen ta sterke, kreative en selsfersekere dûnsers. By JDOF wurdt oan technyk, krêft en kreativiteit wurke, mei de krekte begelieding om te groeien, sawol as dûnser én as as as persoan. De dûnsers komme út it Young Artist Program.