Gniffelje om goudearlike harkgedichten
Hy lêst eins nea boeken, nimt lauwe dûsen en rekket faak de ferkearde snaar. Frans Kalf docht net oan performative reading of de krekte azemtechniken yn iisbaden. It muzikale alter ego fan de Amsterdamske singer-songwriter Mika Ram dompelet him leaver ûnder in komyske gedachtesprongen en poëtyske refleksje op it libben en de leafde. Syn teksten streame as meanderjende rein by de ruten lâns. Hypnotisearjend en kwetsber fine de wurden harren wei. Syn tûke sinnen bliuwe dy by: “Wetter op it finster. In drip lyts gelok,” sjongt er. De selsbeneamde Nederbelg wennet sûnt in pear jier yn Gent en bestoarmet de poadia mei gedichten ferpakt yn knettermuzikale selsspot. Ynnimmende harkferskes wêrby’tst eins fan de bank ôf nei bûten sjen wolst. Dat boek of dy dûs kinne wachtsje. Gjin stress, mar de wrâld oan dy foarbygean litte. En mei dat langstme wit Frans Kalf stikem wol de goede snaar te reitsjen.
Taal: Nederlânsk