Tiisdrizen yn styl
Heit smookt in piip en lêst yn ‘e krante oer de earste stappen fan Neil Armstrong op ‘e moanne. De keamer follet him mei reek. Mem stiet yn ‘e keuken. Skoart foar en stikem drinkend fan de wyn foar it jûnsiten. Boppe op harren keamer sitte de bruorren Rasmus en Linus Holst tegearre mei harren freon Jake Gardiner sûnder euvelmoed ferskes te skriuwen. De namme foar harren band Fox Paloma hawwe se krekt besletten. In hommelse ljochtflits transportearret harren mei in soad leven fan it Denemarken fan de lette jierren 60 nei 2026. Hoe’t dit barre koe, bliuwt foar altyd in riedsel. Harren psychedelyske popferskes ferriede lykwols noch altyd in grutte leafde foar kreakjende langspylplaten. Klaaid yn stylfolle koltruien en nonsjalante ribbroeken stiet Fox Paloma garant foar in ferrassende retrospektakulêre sound. Dit trio kreëarret in útnoegjende tiidskapsule om mei-inoar sjongend yn te ferdwinen. Mei de dûnsflier as ultime groovy tiidmasine.