Esmé van den Boom - All Real Living Is Meeting (première)

Festivalwykein
Explore the North Festival
Allerierste Fûgelkaartsjes

Wat kin in skimmelnetwurk ús leare?

Fan earste date oant polityk debat, úteinlik bist yn de moeting it meast minske. Elke leafdesrelaasje falt of stiet mei oandacht en fertrouwen – en is dat net fan alle oare relaasjes likegoed te sizzen? Yn de premjêre fan All Real Living is Meeting giet Esmé van den Boom op Explore the North yn gedichten, ferhalen en muzyk op ‘e siik nei de keunst fan it moetsjen. In foarstelling oer dyn iepenstelle foar in oar, nettsjinsteande it risiko, oer de lessen dy’tst út skimmelnetwurken lûke kinst en oer hoe’t ferwachtings de werklikheid beynfloedzje.

Oer Esmé van den Boom
Esmé van den Boom (1993) skriuwt gedichten, proaza en lietsjes. Se wie Húsdichter fan de Ryksuniversiteit Grins, finalist fan Write Now! en waard selektearre foar skriuwresidinsjes fan ûnder oaren deBuren en Das Mag. De gemeente Grins kende har it Hendrik de Vriesstipendium ta foar har bondel Eigen kamers, oer de takomstdreamen en -eangsten fan Grinske froulju. Fan 2024 oant en mei 2025 wie Esmé stedsdichter fan Grins.

Har wurk draait altyd om fassinaasje en ûntdekking: in ûndersyk nei it fertroude. Se stie op tal fan poadia, lykas Noorderzon, Read My World, Dichters in de Prinsentuin en de Frankfurter Buchmesse.