Dizze show is ûnderdiel fan ús kruipdoorsluipdoor-programma. Let op: hjirfoar is der in beheinde kapasiteit, dus wês op ‘e tiid oanwêzich want fol = fol.
13:00 – 13:30 oere
14:00 – 14:30 oere
In warskôging tsjin it brûken fan gelikense leppels
Hoe bestiesto yn in romte en hoe meist yn in romte bestean? Wa bepaalt dat? Us boude omjouwing is in fysike oersetting fan hoe’t wy nei de minske en de natuer sjogge. Wat binne de ferhalen dy’t arsjitektuer en stedlik ûntwerp ús fertelle? Dichteres en multidissiplinêr makster Emma Tijssen ûndersiket dit yn de literêre performance Het gevaar van rechte lijnen. Wêrom warskôget in arsjitekt tsjin it brûken fan gelikense leppels? Hoe beskermet arsjitektuer in stadichoan stjerrend bosk? Hoe begjinst stikem in beamgaard midden yn dyn stêd? Se nimt dy mei op de poëtyske ferkenning fan in troch taal foarme lânskip.
Oer de makster
Emma Tijssen (1999) is dichteres en multidissiplinêr makster. Doe’t se sechstjin wie, begûn se mei skriuwen foar har radiokollum Effe Emma op 3FM. Yn har wurk ûndersiket se tema’s as thúshearre, feminisme en de ferhâlding tusken de minske en de natuer. Se wie ûnder oare te sjen by Dichters in de Prinsentuin en te lêzen yn Seizoenszine. It rabarberseizoen is har favorite seizoen.