Freed: 22:00 – 22:45 oere
Sneon: 19:30 – 20:15 oere
De ferburgen spoaren fan Mata Hari
Ek dit jier ferwolkommet Explore the North twa Flaamske makkers fia deBuren yn Ljouwert. Tegearre mei twa makkers út Noard-Nederlân geane sy in artistike útwikseling oan. Dit jier stiet de gearwurking yn it teken fan byldfoarming: hoe ûntsteane ferhalen, wa bepaalt wat as wierheid sjoen wurdt en hokker rol spylje macht en perspektyf dêryn? Tink bygelyks oan de mytefoarming om Mata Hari hinne, wêrby’t wy konfrontearre wurde mei ferskillende lagen fan wierheid, dêr’t alternative ferzjes neist inoar besteane.
De fjouwer makkers sille ynspirearre wurde troch de skiedskriuwing oangeande Mata Hari ûndersykje hoe’t ferhalen ûntstean, trochjûn wurde en feroarje ûnder ynfloed fan tiid, macht en ynterpretaasje. De sintrale fraach is: wa bepaalt wat wy as wierheid sjogge, en wat ferburgen bliuwt ûnder it oerflak?
Yn septimber wurkje de fjouwer makkers yn Ljouwert mei-inoar oan nij wurk, dat by Explore the North Festival presintearre wurdt. De fjouwer makkers binne Ellemieke Meijers, Willemijn van de Walle, Maria Magdalena de Cort en L.J De Brouwer.
Taal: Nederlânsk
De makkers
Ellemieke Meijers
Ellemieke Meijers is keunstner, skriuwer en performer. Har wurk ûnderskiedt him troch it team fan spesjalisten (alter ego’s) dat hja gearstald hat, wêrûnder eksperts lykas Marjam Bakker de Vries (kristlik hynsteterapeut), Master Struik (hillige tochtstopper) en Dominik Chan (hole fixer). Dizze spesjalisten, dêr’t hja de manager fan is, hawwe hja byinoar brocht fanwegen in kollektyf doel: de minskheid foarsjen fan wiisheid, ferklearring en ferljochting.
Willemijn van de Walle
Willemijn fan de Walle is in Grinzer skriuwer en teätermakker. Har wurk ûnderskiedt him troch persoanlike tema’s, maatskiplik engagement en humor. Sûnt sy yn 2022 debutearre mei poëzy en spûken wurdt by Dichters yn de Prinsetún, trapearre sy mannich festivalpoadium. Op dit stuit wurket se oan har earste bondel.
LJ de Brouwer
LJ de Brouwer groeide op oan de Belgisch-Nederlandse grens en wennet yn Berlyn. LJ wurket oan in roman en in dichtbondel oangeande kristlike lichaamlikheden en ferdielt harren tiid tusken de biblioteek – foar ûndersyk nei de skiednis fan gender, seks en it kristendom – en de stêd, dêr’t LJ syn liif rûnsmyt om dy skiednis oan it eigen lichem te ûnderfinen. Teksten van LJ ferskynden ûnder oare by Kluger Hans, DIG, De Revisor en FRP. Yn 2024 waard LJ selektearre foar de skriuwerij fan deBuren. LJ is lid fan it oersetkollektyf Benjamin Benjamin Benjamin (BBB).
Maria Magdalena de Cort
Maria Magdalena de Cort wurket as teätermakker, skriuwer, en aktrise. Yn 2023 foltôge se har Master yn it Drama oan it KASK. Se is oprjochtsjend lid fan it feministysk tinke-en-meitsjend Magdalena Collectief en skriuwt poëzy yn it ramt fan it muzykprojekt Moenen & Mariken, y.m Robbe Embrechts, wat techno en wurd kombinearret. Se is part fan it skriuwerskollektyf de Letteristen en hat in hert foar elektroanyske muzyk, feministyske literatuer en ûnbetroubere fertellers. Yn 2025 gie se mei op de skriuweraksje fan De Buren. Se wurket op it stuit oan in nije foarstelling mei Magdalena Collectief om Joan Didion hinne en Eve Babitz en skriuwt oan in debútroman.
De Verwonderkamer is in talintûntwikkelingstrajekt fan it Vlaams-Nederlands HuisdeBuren (Brussel) en Explore the North. Alle jierren meitsje Fryske en Flaamskeskriuwers yn in residinsje yn Ljouwert mei-inoar kennis. Se meitsje tegearre innij (poadium)wurk dat presintearre wurdt tidens Explore the North Festival endat ek geregeldwei op Oerol te sjen is.