In yntroduksje ta in team fan spesjalisten foar it oplossen fan sawat elk probleem
Oftst no lêst hast fan jeuk of fan mylde, matige of swiere eksistinsjele fragen: in team fan spesjalisten stiet foar dy klear yn de PowerPoint-presintaasje-performance You’re Experiencing Something! Wês ekstra foarsichtich ast in serieuze eangst hast foar it oplossen fan dyn problemen en/of foar PowerPoint-presintaasjes. De presintaasje is bedoeld foar elkenien, mar miskien komsto benammen yn oanmerking ast stress ûnderfynst, hynsteterapy oerweagest, minder ôfspraken ha wolst, of yn in skeel mei dyn buorman sitst en gjin idee hast wêrom.
Hâld der rekken mei dat der tidens of fuort nei de presintaasje guon bywurkingen foarkomme kinne. (Sa begjint bygelyks tusken ien en trije op de tsien dielnimmers oeral wjirms te sjen.) Oft hierútfal ta de mooglike bywurkingen heart, is noch ûnbekend. Mar gjin soargen: dit team fan spesjalisten is by Explore the North oanwêzich om de PowerPoint foar dy te presintearjen:
Marjam Bakker de Vries – kristlik hynsteterapeut en motivator + demotivator (ôfhinklik fan de dei).
Master Struik – hillige trekkerstopper en meditaasjeguru. Helpt it minskdom om fia meditaasje en oare praktyken wer kontakt te krijen mei syn natuerlike, horizontale steat.
Dominik Chan – gattenmakker út Grins. Foar al dyn net-metafoaryske gatten.
Dr. Prof. PhD Adam Sofia Centrum – dokter, professor en PhD út De Haach, spesjalisearre yn de wiskundige eigenskippen fan de wjirm.
Kring Gloed – yrritante waarzegger mei in passy foar stofsûgers en oare ferkeard begrepen foarwerpen.
De Buorman – wurkleas.
Resinsje (M. Bakker de Vries, 2025):
“As je troch de tonne fan it libben omrommelje, fyn je altyd wol in stikje papier – en dat is dochs mear as neat.”
Oer Ellemieke
Ellemieke Meijers is keunstner, skriuwster en manager fan in team fan njoggen spesjalisten. Yn de hope antwurden te finen op de eksistinsjele fragen fan it libben, stelde se it bêste team fan saakkundigen gear dat se fine koe. Mei-inoar diele se ien missy: it minskdom helpe mei help, antwurden en wiisheid.
It team bestiet ûnder oaren út Marjam Bakker de Vries (Kristlik Hynsteterapeut), Master Struik (Hillige Trekkerstopper en Meditaasjeguru), Dominik Chan (Gattenmakker), Kring Gloed (waarzegger) en De Buorman (wurkleas). As tuskenpersoan fertsjintwurdiget Ellemieke sawol de artistike as de saaklike belangen fan dizze spesjalisten. Se ûntwerpt en publisearret harren filosofyen yn it tydskrift vraag & aandagt, rekrutearret kliïnten foar hynsteterapy en gattenmeitsjen, en presintearret harren ideeën oan it publyk fia yntins serieus nommen PowerPoint-performances.