Ekstatyske klubenergy foar lju mei ûnderfining
Foardoo hat ûnder ynfloed fan minne Hollywoodfilms in diskutabele reputaasje opboud. Foarby it klisjee fan spjeldeprikken yn popkes skûlje djipwoartele religy en transedinte iepenbieringen. De uit Togo afkomstige voodoo-groep E ‘DU en de Frânske producer Judgitzu roppe troch tradisjonele rituelen en stowende ritmes in bjusterbaarlike wrâld op. Dizze hjerst binne sy as E’ DU & JUDGITZU foar it earst yn Europa live te ûnderfinen. Want in ûnderfining is it! Iuwenâlde krigersseremoanje krije op’e nij foarm yn in koartsige konfrontaasje tusken hypermoderne elektroanika en polymetryske perkusje. Furige gearsang falt yn ûnbidige werhelling dêr’t de trance kompleet mei makke wurdt. Underwerp dy oan dy ekstatyske enerzjy en ûnderfar de klup as ultym hillichdom. E ‘DU & JUDGITZU bringe dyn each yn each mei dyn eigen demoanen. Of op syn minst mei oare aventoerlike festivalbesikers. Dizze muzyk freget om klearebare fysike oanwêzigens en it folgjen fan dyn ynstinkt. Hoechst net bang te wêzen. E’ DU & JUDGITZU kinst allinnich mar ûndergean.