Douwe Dijkstra en de sneue vertoning - Infuusgabbers

Podium Explore Pay What You Choose (€11 - €26)

DOUWE DIJKSTRA EN DE SNEUE VERTONING BINNE WEROM MEI ‘INFUUSGABBERS’! IN MEDYSK-KOMYSK YNFUUSVOCHT-DRAMA OER MINSKLIKE FERBINING YN POLARISEARJENDE OMSTANNICHEDEN.

Yn in universum net fier fan it uzes leit it Medysk Sintrum yn Súd-Boxtel. In plak dêr’t terminaal sike pasjinten fjochtsje foar harren libben, of wat dêr noch fan oer is. Hjir kruse de wegen fan Kevin, in 44 – jierrige, hardcore alpha male mei nul tolerânsje foar bullshit, en Floris, 39, goed yn kontakt mei syn froulike kant, in ryk sosjaal libben, mar boppe-al: deawurch.

Yn de sterk polearre bûtenwrâld soene dizze twa utersten inoar nea moetsje, mar yn dizze wachtkeamer fan de oankommende dea binne se ta-inoar feroardiele. Wylst in izich nij management ûnder de flagge fan in ynfúzjetekoart radikale maatregels trochfiert, moatte dy tsjinpoalen de romte diele. Ferdielt de krisis harren, of fine se inoar yn it sicht fan de einstreek?

Credits
Regy: Aukje Schaafsma
Tekst: Douwe Dijkstra y.g.m. Adriaan Groffen Muziek: Douwe Dijkstra & Adriaan Groffen Spel: Adriaan Groffen en Douwe Dijkstra Decor: Durk Kramer
Allround stazjêr: Ids Zijlstra
Foto: Jos Blomsma

‘Infuusgabbers’ is in produksje fan Popfabryk en wurdt mei mooglik makke troch Provincie Fryslân & Gemeente Leeuwarden.

Diner yn it kafee
Kom foarôfgeand oan it jûnsprogramma gesellich dinearjen yn ús kafee, of genietsje fan it selsmakke lekkers by de bar as brânstof foar de jûn. Op dizze jûn servearje wy in deihap foar € 10, – ree mei grienten út de tún fan Arno sa’n 25 km fierderop. Superlokaal ite, fan grûn ta board! Reservearje kin fia horeca@explore-the-north.nl, mar meist ek gesellich oanwaaie, hear!